it skouke fan pake
Is in ferslach fan in lytse maaietoer dy’t ik fan 11 o/m 21 maaie 2011 dien ha om 2 boeken hinne, in besteand & in op-kommende-wei-boek. Mei wikseljende gasten.
Woansdei 11 maaie reizgje ik ôf.
Myn ‘reis-maat’ stiet hjirûnder ôfbylde. Wa’t op ‘e ôfbylding klikt, kin de namme lêze dy’t ik it bistje jûn ha: Modestine. Dy namme is ûntliend oan it reisferhaal: Travels with a donkey, fan de 19e ieuwse Skotse skriuwer Robert Louis Stevenson (dy fan Schateiland). It is it ferslach fan in fuottocht yn de Cevennes en Modestine wie de namme fan syn ezel. Dy’t syn bepakking droech, mar dêr ‘t er ek it nedige mei te stellen hie, koppich en dwers as it bist wie. Dizze fyts is oars sa willich as wat en kin hiel wat bepakking oan. Ik kin der op fytse (it lizzende wurk), mar der ek mei rinne en dat hoopje ik dizze wike te dwaan. Jim wurde op ‘e hichte holden.

Woansdei 11 maart
Klear om ôf te reizgjen. Klear om yn oardel wike in 9 tal optredens te dwaan.
Wat besielt my? Goede fraach. Oanlieding is it boek dat ik skreaun ha: Lytse histoarje fan langst. Foarich jier septimber kaam it út, altyd in feestlik momint. Der parkearde in bestelautootsje op ‘e stoepe en in wurknimmer fan de PTT, sorry TNT (of Sandmail of Quickmail, ik wit it net mear…) rikte my in doaske oer mei 20 presinteksimplaren fan de útjouwer. Ik seach noch even om it hoekje of kranten en omroppen net tafallich al nei my ûnderweis wienen. Dat blykte net it gefal. Dat wie it.
It boek seach der moai út. Ik hie der likernôch oardel jier oan wurke, mei libbe en omtyske en no lei it foar my,printe en wol, wachtsjend op lêzers. Wachten dy ek op it boek? Guon wol. In hantsjefol famylje en kunde. Mar de hooplik grutte groep potinsjele, anonime lêzers, it ‘lêzerspublyk’, wêr wienen dy en hoe wienen se te berikken? As se der al noch wienen. Fan dat front kamen al langer wat minder goede berjochten. It tal fryske lêzers nimt al jierren ôf, de ferkeap fan frysktalige boeken navenant ek en Sutelaksje († 2009) noch Moanne Fan It Fryske Boek (2010) lykje der salve oan strykje te kinnen. Ofset tsjin it wrede wrakseljen yn de wide wrâld om ús hinne is dat allegear fan gjin belang. Mar yn de mikrowrâld fan myn bestean wol. Dat, hoe bring ik myn boek ûnder de oandacht fan de minsken dy’t noch frysk lêze, hoe lit ik witte dat it der is en dat it de muoite wurdich is om it te keapjen? Want oaren dogge dat net, of te min, of plichtmjittich.
De ‘brede wei’ foar it krijen fan sokke oandacht rint oer de poadia fan ‘e publike romte: kranten, tyskriften, radio en – aloan wichtiger- televyzje en ynternet. Dat lêste rint dan yn it fryske kultuerlânskip wat achter, mei’t de bewenners dêrfan fergriizje.
Dy ‘brede wei’ is foar my mar beheind tagonklik en weilein. As Rients Gratama foarige wike mei syn karakteristike en soarchfâldich koiffearde kop wer ris yn ‘e krante stiet (diskear sûnder galgen), is dat net omdat er wat ‘hat’ mei Johnny Cash, mar omdat er yntuïtyf fielt, dat dit diel útmeitsje kin fan syn libbenslange flirt mei de publike romte. Mei alle soarchfâldich koestere mythen dy’t dêr by hearre. Neist al syn oare bisûndere talinten is dit miskien wol it meast kostbere en needsaaklike foar it slagjen yn wat syn wurk en passy is.
Dy gave is my spitigernôch net jûn. Foar oaren is dat soms reden om my ‘beskieden’ te neamen. Dat is tink’ wat tefolle ear. Ik bin net minder idel as de measte oare keunstemakkers en ik wol likegraach oandacht en erkenning. Mar ik ha te min talint foar it bretaalwei freegjen en generearjen fan publike oandacht. Dat, ik doch it mar fia de ‘smelle wei’. Fia it achterom. Ik klopje oan by de achterdoar. Dêr ‘t it lûd fan it ‘muzyk troch de buorren’ lykwols noch wol te hearren is. Ik bin hannelsreizger tsjin wil en tank. Net mei stofsûgers, mar mei lietsjes en ferhalen. Yn dizze rite yn omkearde folchoarder.
Ik bin ûnderweis mei de talinten dy’t ik wol ha. Neist myn artistike en literêre gaven binne dat: optimisme en in driuw om te boartsjen. Dat der ek diskear mar wer in segen op rêste mei. Neffens ús beppe soenen wy dy by eintsjebeslút oer de ‘smelle wei’ fertsjinje kinne.
Dêr ha ‘k altyd myn twifels oer hân. Want ek dat is in talint fan my.
Tongersdei 12 maaie
Try-out. Want dat wie it justerjûn. Unwennich, sykjend nei foarm & ferhaal. Foar in oandachtich publyk yn in rejale ‘húskeamer’. Want dat wie it ek. In yntime setting, mar net tusken de skodoarren. In moai poadiumke, útljochte & oanklaaid. Mei nijsgjirrige ynhâldlike neipetearen. Fan mins ta mins. Mei ‘t de skaal groeit wurdt dat ek dreger & by optredens yn in stadion kinne inkeld technyske helpmiddels noch in illúzje fan yntimiteit oproppe. Foar de artyst binne de minsken in amorfe massa wurden, sûnder gesicht, mei in eigen dynamyk, dy’t er bespylje moat. Ek in fak.
Foar it húskeamergefoel is ek in gasthear en/of gastfrou in foarwearde. Dat wie juster sa rejaal, dat it suver in ekstra diminsje oan de jûn joech. Dat talint hie ek in man as Roel Oostra, yn de ‘alde Lawei’, dy’t troch de wize dêr’t hy it gasthearskip mei foarm joech, foar in soad minsken ta in ‘huskeamer’ waard. Hy waard in soarte fan yntermediêr tusken de artysten en de besikers. Net troch inkeld de moeting te regeljen, mar ek troch dêr ek in persoanlike rol yn te spyljen, mei waarmte, entûsjasme en gastfrijens. Wat ús justerjûn ek oerkaam.
Yn it ferhaal fan it boek spilet ek it ferlies fan in bern in rol. Yn de setting fan sa ‘n literêrer-muzikale jûn gean ik dêr net sa bot op yn. It wurdt neamd en it makket diel út fan in fragmint, dat ik dêrnei lês. Dochs is dat al genôch om daliks ferhalen werom te krijen en ûntsteane petearen oer de wrakseling om in foarm te finen foar sa ‘n ferlies. Ek dat bart op in jûn as dizze, dy’t sa ek in soarte fan moeting is. Ferhalen roppe altyd ferhalen op.
Op nei de folgjende moeting.
Dy is yn Warkum en ik kuierje der hinne. By de eardere Heanmar del, yn 1850 droechlein en no wurdt der noch ekstinsyf op past troch ien boer. Fûgeltsjelân, salang ‘t it noch duorje mei fan dit kabinet (PVVD, mei toe-dan-mar-stipe fan it CDA). Maar dit terzijde. Dy fûgels binne der oerfloedich en se hawwe it o sa drok, al kin ik de muzikale ekspresje dêrfan earst hearre as achterienfolgjend in helikoptêr, in F 16 en in lânboumasine dy ‘t even oer en del komme, út it gehoar rekke binne. Dan bringt de stive súdwester inkeld noch wat lûd mei fan de autodyk en dat binne de fûgeltsjes wol treast. Nettsjinsteande de iver dêr ‘t se mei nêstjebouwe, foar neiteame soargje en dy allegedurigen de bek folstopje, binne fûgels foar ús gauris metafoaren fan frijheid. Withoefaak brûkt yn lietsjes. Yn myn programma sit der ek ien.
It kealtsje
Op ‘e feemerk, poatsjes fêstbûn, / Leit in kealtsje, it sjocht sa tryst. / Heech dêrboppe fleant in sweltsje, / ‘t Slacht de wjukken grutsk en dryst.
Harkje nei it sjongen, / It sjongen fan ‘e wyn; / Troch de beammen rûzet in liet / Fan frijheid, lang ferlyn. Donai, donai…
Wêrom kleie, seit de keapman, / Bist in keal, of bist it net. / God joech dy dochs ek gjin wjukken? / Sûnder doel is sok ferset.
Simpel bûn en simpel slachte / Kealtsje, dat fan gjin reden wit. / Wannear sil dy frijdom wachtsje? / Lyk de swel de loft yn sjit.
In fan oarsprong Jiddysk lietsje, dat ik yn ‘e jierren ’70 al oersette yn it frysk: It kealtsje (Dos kelb), ek wol bekend as Donna, donna. Wa’t der op ‘googled’ kin even foarút: earst is dêr it misferstân oer de auteur en it plak fan it ûntstean: net in Jiddysk dichter yn it getto fan Warschau, mar in skriuwer fan jiddyske musicallietsjes yn it New-York fan de oarlochsjierren. Dêrnei giet it noch oer de betsjutting fan it refrein: donai, donai. In eineleaze diskusje. Mar it bliuwt in moai lietsje.
Modestine rôllet moai mei troch de droechleine polder. Ut in iepen stâl lâns it fytspaad komt my in bekend lietsje temjitte: …Als je wint, heb je vrienden.. Doemaar, jierren ’80. Sa âld binne de kij net, mar se lykje wol de iennichste harkers en kôgje ûnfersteurber troch op it foer, dêr ‘t se oars neat foar hoege te dwaan as it jaar beskikber stelle. Jo soenen dêr as fûgel hast jaloersk op wurde. Warkum komt al yn sicht.
Freed 13 maaie.
De wyn gûlt freonlik om it hûs fan Hille en Geertsje Faber yn it Warkumer Nijlân, dêr’t we útfanhûzje. Hjoed haw ik yn Douwe Kootstra in mei-rinner / mei-iter nei Heech op, dêr’t we wolkom binne yn It Heechhûs. Justerjûn yn de bijekoer dy’t de Klameare is. Muzyklessen, it korps, berneopfang, it folk rint yn en út. Gastfrou Trudy rint der fleurich tuskentroch, hjir skewielend, dêr soargjend en wy hienen in moaie jûn. Under it publyk leden fan it Hylper Fiskwivekoar, dy’t noch even in gastnûmerke songen. Alle jûnen is it programma oars en ik pas my oan. De iene kear ha ‘k de romte, in oare kear moat ik koarter om ‘e hoeke en dat makket skerp, it twingt om ta de kearn fan it ferhaal te kommen. De Doarmers koe ik fan de moaie Gerben Rypma- lieten, mar se hienen ek noch oare noaten op ‘e sang, súver kabaretesk bytiden. Douwe, nei in ommelânse reis út Utert wei krekt op ‘e tiid hjir bedarre, ûntbleate even wat ieuwenlang weimoffele seksuele motiven yn ‘e folksferhalen. Dat makke de frou-ûnfreonlikens yn oare ferhalen wer wat goed. Nei in smûke neisit waarden we meinommen nei ús gastadres, dêr ‘t we wakker ‘let en set, hoaike en troaike’ waarden.
We rinne tegearre nei Heech, dwers troch ien fan ‘e moaiste stikjes fan Fryslân. Dogge even in slach om it tsjerkje fan Nijhuzum hinne en sykje de pont oer de Grons op. Lofts fan ús skittert it wetter fan de hast lege Aldegeaster Brekken yn ‘e sinne, dêrachter pjukt de toer fan Blauhûs út it leechlân op. It waar is moaier as ferwachte, we ha de wyn yn ‘e rêch en Modestine rôllet suver út harsels mei. Tuskenstop yn de Gaastmar op it terras dan yn ‘e Ielaak. Alle tiid foar ferhalen. My komt in brief yn ‘t sin, dy’t ik sneupjend yn ‘e argiven tsjinkaam. De jonge Makkumer dichter Wibren Altena wie yn ‘e earste oarlochsjierren befreone rekke mei Jan Piebenga, doedetiids haad fan ‘e skoalle yn Aldegea en yn in brief oan wat doe wat syn mentor wie docht er op komyske wize ferslach fan syn weromreis op redens nei in bisite oan Aldegea.
…Om op ‘e reis werom te kommen, dizze foel, lyk as de baas in pear kear, yn ‘t wetter. Jimme kontryen binne yndied ‘moai sûnder wergea’, mar foar ien dy’t der net thús heart, is ‘t in frjemd yninoar spul, hear! Wat hie ‘k de wyn moai yn ‘e rêch, en wat naaide ik er út, oer brekken en poelen, oer sleatten en fearten en it wie nedich ek, want einliks, bin ik wat te let ôfsetten. Hawar, opiens wie ik net fier fan Blauhûs ôf en ik koe my net bybringe, dat jimme dy namme neamd hienen. “Dit spul hat luzen”, tocht ik, “mar ris efkes freegje.” Der kamen twa oan mei in pealtsje ûnder ‘e earm. “Wat moat men út nei Greonterp?” Kom mar mei, sei it mantsje, dêr moatte wy ek hinne. No, en doe in pear kilometer tebek hé, en dêr hâldde de sinne gjin rekkening mei. Sadwaande wie it net betiid mear, do ik yn Greonterp kaam. Nei Greonterp moast Dedgum komme, mar dat goun ek te syk yn it tsjuster en allegearre gatten en mûglikheden, it like wol in gânzebrief. Der mei oan, bin ik by in tiltsje klunend nei in bûthús setten, wat wizer wurden en “full speed” fierder riden. Mar by grutte bonken iis, dy’t út in bit kaam wienen, stoun gjin reade flagge, en in fikse takke fan in oerhingjend beamke joech net mei, en sadwaande wienen de gefolgen foar my. Hawar, wat jout it ek sa lang út te wreidzjen. Lit my noch fertelle dat ik efkes foar achten thús wie, wer min mei it iene each lake en mei it oare swart seach. Jins boekjes hienen wûnderwol de eleminten trochstien en ha al in tankber plakje…
Wy ha minder problemen om yn Heech oan te kommen en wurde dêr tige persoanlik wolkom hjitten.

In jûn yn it Heechhûs
Justerjûn yn de yntime foayer fan it Heechhûs, mei fansiden it model fan ‘e Ielaak, dy’t al wer in pear jier op skaal 1:1 oer de Hegemermar en de Fluessen sylt. Dêr wienen dy ielaken oars net foar bedoeld, se moasten nei Londen ta, de beun fol mei farske iel. Dat is by dizze replika ek de bedoeling. Moat net al te lang mear wachtsje, wantt dan is der gjin iel mear en wurdt it ek in wat sneue boel. De minsken yn Heech dy’t foar it skouke kommen wienen lieten har graach meinimme yn wat de artysten harren foarsetten, de koartswyl én de stille oandacht, it dwaze sankje en de ynbannige ballade. Frederike Kleefstra song û.o. ‘Swannen’ fan Wibren Altena en dat wie wer in moai eksimpel fan it ‘fûgel-frije’, dat dichters en lietsjessjongers sa oansprekt: …Lit my heech, oer alles hinne / los fan d’ierde, ivich frij / kalm op sinneljochte wjukken / fleane, wylde swan as dy… Iksels hie it oars sa drok as in fûgel yn ‘e maityd, want der wienen no muzyk-technyske helpmiddels noadich: digitale piano, lûdsfersterking. Hoe beskieden ek, it betsjut al gau in grutte soai oan snoeren & snoerkes, standers & oare ombollings. En logestike puzzels om it op oere & tiid te krijen dêr ‘t men it ha wol, want Modestine kin hiel wat bergje, mar dit net. Sa krige myn persoanlike opfetting fan frijheid yn muzikale saken ek wer in update en naam it de fertroude foarm oan: stim & instrumint, los fan alle triedderij & mei de genede fan in moaie romte, dêr’t jo it lûd hast as fansels de strôt út streamt, oant yn ‘e fierste hoekjes. Wêrfan akte. Fanavond mutte we mar even in Sneek sién, is alles weer anners…
Sneon 14 maaie
Snits. Dêr haw ik ek wol wat persoanlike ‘roots’. Reisdoel fan ‘boatsjejongens’ út It Feen, Snitswike. Letter ha ‘k der krap 10 jier foar de klasse stien. Lykas yn omtrint alle grutte fryske stêdden moat it Frysk as sprek- & kultuertaal it twadde plak diele mei it ‘Stads’. Dat hjir lykwols tige op ‘e kaart stiet, net yn it minst troch Henk van der Veer, stadsdichter. Spilet alle jierren in haadrol yn de kursus Snekology, in soarte fan oriëntaasje op de skiednis & it karakter fan Snits, mei it Snekers as fiertaal. Der is al in wachtlist foar en it gegeven dat alle jûnen in tige noflike neisit ha, sil dêr ek in rol yn spylje. Mar it oanbeane programma, dat Henk ús even útleit, is tige nijsgjirrich en yntinsyf. Oan de muorre fan it lokaal De Cingelsociëteit fan ‘Butler Paul Ruiter’ hinget ek noch in poster fan it Sneker filmfestival, dêr’t ik ek in nei mear smeitsjend jûntsje fan meimeitsje mocht. Allegear bewizen fan in groeiend kultureel libben yn in plak, dat altyd as in sportstêd sjoen waard. Ik fertel dizze jûn yn it ‘stads’, dêr’t ik yn it Feen en letter yn Ljouwert ek wol wat fan meikrigen ha. Mar lietsjes & boekfragminten binne yn it frysk en der wurdt tige oandachtich harke. Mei’t myn programma ek noch 2 lietsje yn it ‘stads’ hat, de stadsdichter himself oek noch wat út sien nostalgies rippertwaar opdiënt & Paul elkenien bedjert mei de goede gaven des levens, is de sfear geweldich. Net yn it lêste plak troch Corinne Staal, dy’t wer prachtich piano spilet yn ‘e stêd dêr ‘t se berne & opgroeid is.
Snein 15 maaie
De lêste foarstelling fan ‘e earste wike hat nettsjinsteande swiere konkurinsje fan it fuotbal (wa wurdt kampioen? ensfh) noch in moai espeltsje minsken gearbrocht yn it tsjerkje fan Goaiingea. Se komme foar wat mei in seker understatement wol in fariëard programma neamd wurde mei. Mei-organisator Hindrik van der Meer hat in twa-tal talinten út eigen doarp frege. Buorman Robbie Zuidema blykt prachtich gitaarspylje te kinnen en Anne Hogendoorn, bekend fan TV, fynt tusken in pear optredens en in foto-shoot troch even tiid om by ús yn it skouke te stappen. Wapene mei in eigentiids muzykapparaat, dêr ‘t de ieuwenâlde tsjerke súver wat kjel fan waard, sjongt se -sûnder fersterking- twa moaie & technysk drege nûmers, mei ynmoed. Hindrik sels omkrânset dizze & myn eigen optredens mei moaie oargelmuzykjes, dy’t hearre litte wat in prachtich oargel Goaiingea hat. Al mei al in moaie middei. Gau nei hûs om te sjen wa’t kampioen wurden is. Krekt op ‘e tiid fal ik yn Ajax-Twente. De oare wedstriden moatte alle kearen wachtsje op ‘e eineleaze bylden fan ‘e huldiging & neatsizzende praatsjes tuskentroch, nochris oerdien yn it journaal. In minske moat hiel wat journalistike heechstandsjes trochstean om in simpele gearfetting fan in potsje fuotbal sjen te meien. Wibren Altena skreau yn de jierren ’50 al in prachtige parody op dizze gekte: (even út it unthâld)
Och, as jo bern net leare kinne / Sit, freonen dêr dan net oer yn / de harsens binn’ net mear belangryk / der waait allang in oare wyn…. (en:)
Jo kin jo bern wol skoppen leare / gewoanwei skoppen sûnder mear / En as se dat dan earst goed kinne / Dan komt der fêst wol in menhear / Ut Londen, Rome of Milaan / Dy wol jo foar in jier goed skoppen / Twa-hûndertûzen gûne jaan… (grif ynspirearre troch it gedoch mei ‘Abe’)
Woansdei fart it skouke wer fierder. Oant dan.
Tongersdei 19 maaie.
Wylst ik dit stikje begjin te skriuwen komt krekt it sintsje der troch & dat laket my oan, want ik stap aanst wer op Modestine om nei De Rottefalle te reizgjen. It wienen in pear frisse & grizige dagen tusken de beide helten fan myn ‘skouke-toer’ yn. Ik ha se brûkt om in earste balâns op te meitsjen & de twadde helte ta te rieden. Fan dy balâns meitsje sifers ek diel út: hoefolle minsken kamen der, hoefolle boeken & CD’s ferkocht, hoefolle ‘publisiteit’ hat it genereard? (Ik kin sa ‘manager’ wurde, mar betankje mei leafde foar sokke eare). Om it op syn frysk te sizzen: it koe minder. Der siet alle kearen in moai ‘publykje’ & myn wikseljende maten & ik wienen alle keren wer mei fjoer ús literêre & muzikale ferhalen oan it fertellen. Dat krigen we oant no ta ek werom. Direkt, persoanlik, yn neipetearen. It is in soarte fan oandacht & respons op mikro-nivo. Oan de oare kant fan it spektrum wurdt it yn tallen útdrukt: safolle treffers by Google, sa faak neamd yn ‘e krante of draaid op ‘e radio, sa faak mei de kop op ‘e buis, safolle ‘omset’. Ik bin dêr net ûngefoelich foar & as dat ris in kear goed útpakt krij ik der ek in goed sin fan. Mar ik lit my de wille der ek net om bedjerre. Ik sjoch om my hinne – & net allinne by keunstners & artysten – te folle ferbittering om it ûntbrekken fan erkenning yn hokker foarm dan ek. It is somtiden hurd wurkjen om net dat paad op te gean. Mar it is dy muoite wurdich. Ik soe der ek benammen sels lêst fan ha & it soe my beheine yn wat ik no krekt it allerleafste doch.
Justerjûn in ‘thúsfoarstelling’ yn ‘e bibliotheek fan ‘t Feen. Dêr’t se rejaal & gastfrij romte makke hienen foar my & myn tydlike ‘side-kicks’: it koar De reade hoeke. Al mei al aardich wat minsken. Meast út myn berteplak, mar ek twa ‘fans’ út Wolfheze, dêr’t ik eins inkeld e-mailkontakt mei hân hie fia myn webstek. No krigen se in gesicht. Sokke dingen.
reagearje? b.huisman3@chello.nl
Freed 20 maaie.
Moai fytswaar. Lykas de boeren eartiids sjoch ik moarns yn it waar. De boeren dogge dat tink’ al net mear, dy sjogge op ‘e kompjoeter, mar it ‘genot’ fan it reizgjen per fyts hinget faak wol wat mei it waar gear. Der stiet my in moai slachje te wachtsjen, dwers troch it wetterlân, oer de pontsjes, nei Grou. ‘Eeltsje’- krite. Dokterom swalke dêr mei syn boeier, yn waar & wyn, want eartiids wienen it net sokke suertsjes as wy hjoeddei, al hienen se fansels like graach in ‘leaflike dei’ as wy no. Mar ek rûch waar noaske him:
Yn de kâlde hjerstmismoannen / Wolkom, stoere noardewyn! / Moantsje mei dyn sulv’ren hoarnen / Wolkom mei dyn gleone skyn! / Diggelfjoer sit oan ‘e toppen / Swarte loften hingje ‘eroer / Touwers fluitsje troch de stroppen / Eangstich skuorje ik oan it roer. / As de wite koppen stowe / ‘t Skipke kreaket, hellet, sûcht / Hingje, slepe, dweile, sjouwe / Dat is ‘t libben dat my noecht.
En doe hienen se ek noch gjin ‘overlevingspakken’.
Eeltsje skoode justerjûn yn De Rottefalle ek even oan yn it programma. Frederike Kleefstra & Tseard Nauta, myn beide Eeltsje-genoaten wienen beide presint & dan kinne we it fansels net litte. Dan moast Altena mar wat ynskikke foar in kear. Dat, it winterske leed fan De baanfager makke mei leafde plak foar it noch wredere fertriet fan De Likeblom. Mar der wie ek noch in bonus: Freon Tseard liet him fan in ûnferwachte kant hearre: as skriuwer fan skerpe teksten & as útfierder fan de lietsjes dy’t hy dêr fan makke hie. Syn soan ûnderstreke dit ferrassende talint fan syn heit as singer-songwriter mei syn prachtige fioelespul. En dy hat noch in hiel libben foar him. It is ûngelyk ferdield. We waarden gol ûntfongen troch Wipkje & Joop Rinsma, it kostersechtpear fan de Rottefalster Fermanje, in prachtlokaasje. Der hienen noch wol wat minsken by kind, mar de tsjerke siet yn elts gefal fol muzyk.




Freed 20 maaie
Yn Grou noch in slachje by de Eeltsje-betochtsels del, dy’t hast allegear om ‘e St. Piter lizze, stean of te lêzen binne. De grêfstien, neist dy fan syn broer Tsjalling, dy’t er sels noch meibegroeven hat. ‘t Hof van Brussel, dêr ‘t de jonge dokter wol wenne & sprekoere hold. Letter in oanstekplak, dêr’t er ek treast socht yn ‘e drank. De stien dy’t it plak fan syn wenhûs oanjout. By it Wilhelminapark stiet syn byld. De boel der omhinne liket even nearne nei, ûnderweis nei it upgraden. Mar dokterom hat no teminsten in eigen húske. Jûn yn ‘e bibliotheek fan Grou.
Dy is de jûns noch gewoan iepen foar besikers, mar in healoere foar slútingstiid wurdt it yn no time omboud ta in lyts literêr teaterke. Myn digitale piano kin it hjir sûnder fersterking ek wol oan, dat, yn 5 menuten haw ik de boel stean. Ferteller Age Veldboom arrivearret mei in doaze fol skipperij-snyp-snaren. Dêr is ek in model by fan in skûtsje. Ik ha tegearre mei myn pake al ris in boudoaze fan in aakje yninoar nifele en wit dat it in soad geduld freget. Mar dizze hat Age net sels makke en ek net in âld-skipper. Se komme út Sjina of Viëtnam. Der giet ien foarbyld hinne, se wurde dêr tsjin histoaryske dei-hieren produsearre & komme yn in kontener diskant út om ús nostalgy te fieden. Age fertelt oer it omheukerjen mei grutte húshâldings yn de lytse roefkes en it bealgjen om troch de tiid te kommen. En dochs wie de skipper leaver eigen baas as boerefeint. Wy beseffe al lang net mear hoe goed wy it hjir eins ha en kankerje by elk stapke tebek. De meiminsken bûten dit rike hoekje fan ‘e wrâld ha der better each foar en ha der libbensgefaar foar oer om hjirhinne. Foar net mear as in kâns op de krommeltsjes dy’t fan ús tafels falle.
Jûn de útsetter yn de boppeseal fan it Jorwerter kaffee, om mear as ien reden in histoaryske lokaasje.
Sneon 21 maaie.
In bisûndere lêste jûn. Om mear as ien reden. De lokaasje spilet ek in rol yn de roman, dy’t de oanlieding wie ta dizze lytse ‘Maaie-toer’. It 2e diel fan it ferhaal fan Thomas einigt yn dizze boppeseal & yn dy goed 30 jier is der net folle feroare. Thomas, de haadpersoan fan it boek, treedt hjir dan op by in jûn mei sjongers & dichters. Een sitaat:
…Se hawwe foar de sjongers- & dichtersjûn yn de boppeseal fan it Jorwerter kafee de moaie namme fan ‘Simmersangen’ betocht. Se wurde ûnder ferwolkomd troch twa tsjinstdwaande leden fan de Kulturele Ried. De foarsitter, dy’t ek by de gemeente wurket, stelt him foar as Klaas Oppewal. Mei him hat Thomas kontakt hân oer de telefoan. De frou neist him kent er wol. It is in âld-kollega fan ien fan syn earste skoallen, dêr’t er, nei in jier fan disoarder yn ‘e klasse, it adfys krige mar even opnij te begjinnen op in oar plak. As se har foarstelt as Tsjitske de Boer wit er har namme ek wer. Doe, tsien jier lyn, wie se in hippy-eftige ferskining, mei lang hier en kleurige klean. No hat se in kreas permanentsje en in elegant simmerjurkje oan en lit se him yn in koarte dialooch witte dat se troud is, twa bern hat, dat se noch trije dagen wurket en dat se ien fan dy moaie rintenierswenten yn Mantgum bewenje. Gelokkich is der gjin tiid mear om syn eigen gaos dêr foaroer te setten, want Thomas moat nei boppen om de oare artysten op te sykjen. De measten kent er wol fan namme, mar sels is er noch sa farsk yn dit lytse wrâldsje fan sjongers en skriuwers, dat er him dochs mar even foarstelt. Wietse Hellinga kent er fan in earder festivaloptreden. Dy kin omraak gitaarspylje en sjongt der mei syn heazich lûd teksten by mei faak in weemoedige, licht maatskippykrityske ynslach. De jonge frou dy’t krekt har gitaar útpakt kent er net persoanlik, mar hy hat in artikel oer har lêzen. Se stelt har foar as Berber, dat is ek har artystenamme. Se docht har optredens altyd op bleate fuotten, mei dêrboppen in koart wyt jurkje en mei dy skonken fan har kin dat ek wol lije. Mei de rest oars ek wol, se is moai. En noch aardich ek. De beide oare dichters foarmje in aparte mjuks. Berend Brouwer komt út in skipperslaach, wennet sels ek op in tsjalk, dy’t yn Ljouwert leit. Hy stapt hjir krektlyk om as op syn skip, yn in skipperstrui, stútsjekoarden broek en op klompen. De lêste dielnimmer komt der krekt yn en stelt har oan elk fan harren foar as Anke Groothof. Se komt út dizze krite, is boerinne en skriuwt tige populêre fersen oer har eigen libben, meast op rym. Dat fertelt Klaar him, as se harren nei it útpakken fan de spullen noch even ûnder melde foar in bakje kofje. Dêr stappe al frijwat minsken om en hy rekket Klaar al gau kwyt oan kunde fan har. Tiid om him ta te rieden.
Sokke jûnen wienen der yn ‘e jierren ’70 & ’80 in soad. Der kamen ek faak in soad minsken op ôf. Fol is it dizze jûn net. It literêr-muzikale ‘format’ lûkt eins inkeld noch in grutter publyk as it giet om skriuwers fan bestsellers of sjongers dy’t tige populêr & troch televyzje bekend binne by in grut publyk. Lykwols binne der genôch minsken om der net in ferlegene boel fan te meitsjen. Se meie fansels priuwe fan myn ‘koekje fan eigen daai’, wat in auto-biografysk boek yn sekere sin is. En wurde even op smaak brocht foar it boek oer Wibren Altena, dat ûnderweis is. Oant safier ‘business as usual’, al is business hjir wat in grut wurd. As der al sprake is fan bonussen, dan lizze dy op in oar mêd: Sytse van der Werf, sels ek begûn ein jierren ’70 & stêdsdichter fan Dokkum & omstreken, song foar it earst wer yn it iepenbier nei in ôfwêzigens fan oardel ier. Troch in beroerte út it aktive libben weislein, ‘fan d’ ien op d’ oare dei…, lykas er sels song yn in moai liet, dat ek wer in nijsgjirrich ferhaal by him hie. It wie moai om te sjen & te hearren hoe ‘t er himsels mei help fan terapy wer op ‘e kluten wurke hie. Auck Peanstra lies in stik út har nije boek & fertelde hoe ‘t persoanlike ûnderfinings de oanlieding wienen om it te skriuwen. It komt nei de simmer út. Oan it ein spile myn tredde gast, Marcel Prins, in fijne fioelespiler, mei begelieding fan piano, de Serenade fan Toselli.

Ik hie dêr in persoanlik ferhaal by. Lykas by safolle muzyk. Ferhalen & muzyk. Muzyk & ferhalen. Ik kin net sûnder beide & net sûnder de ynteraksje dêrtusken. Ik bliuw sjongen, ik bliuw fertellen. Yn boeken, op CD’s, op ‘e planken (no ja, stadichoan heechút ‘ferheginkjes’). Al geane Sútelaksjes teloar, hâlde útjouwers op, wurde CD’s net mear ferkocht, wurde subsydzjes ôfboud, geane kranten hjir alhiel oer op it Nederlâns, ik woe mar moai wat trochskarrelje. As ‘God of it lot my genedich is’ (De Spylman, nei H.C. Andersen)