Boek: Eeltsje & ik

Eeltsje Halbertsma wie in 19e Grouster dokter, en ien fan Fryslân’s grutte dichters. (de Rimen & Teltsjes, sjoch ek by de cd’s) Hy hie in ûnrêstich aard, hy koe him net deljaan en swalke soms fier fan it âlde Grou om rêst en hâldfêst. En hy wie net lokkich yn ‘e leafde. Yn it boek bereizgje ik de plakken en streken dêr’t Halbertsma ferkeard hat en reizgje him nei yn brieven en dichtwurken. It binne reisferhalen yn de werklikheid en yn de geast fan in dichter dy’t in oare dichter neifiele en trochgrûnje wol.

€ 15,90 (bestel via de contactgegevens)