reisferhalen

Myn ‘Maaietoer’ wie in moaie &  aventoerlike reis. It ferslach is noch te lêzen ûnder de knop: argyf. It kin wolris wer.

Op dit plak begjint in nije searje. Alle wiken is hjir in bydrage fan myn hân te lêzen. Dat kin fan alles wêze: in ferhaal, in fers, in kommintaar, in lietsje… Ik doar net te sizzen oft it alle wiken slagget of op ‘e selde dei ferskynt; ik bin net yn fêste tsjinst by mysels. Mar hjir is fêst it earste stikje, dan is de kop der ôf. En réaksjes binne fansels wolkom.

Wintertiid (30 oktober)

Oere der by. Netto, want útsliepe kin ik net. En in fryske sjonger & skriuwer moat al útsliept wêze. Want ‘ferkeapers’ sjogge letterlik gjin brea mear yn syn hannel. Dat, ik moat sels sútelje. Dat doch ik dan mar, sa goed, sa kwea. Leaver skriuw ik fierder oan myn boek. Oer dichter & foardrager Wibren Altena. Mar even sitearje, út ien fan syn fersen: Oan in dichter:

Nee, yn de rigen fan de bongelbliezers,/ Fan glânsoanbidders en fan sifertiezers /Dêr is foar dy gjin plakje op ‘e wrâld.

(en)

Do bist te grutsk en rinst tsjin alle muorren. /Gean leaver mei in karke troch de buorren /Mei bân en nuddels of mei sûpenbrij.

De lêste dagen is it knap waar, betreklik myld foar de tiid fan it jier. En ik hie juster in ‘frije’ sneon. Dan jokket it al gau. Even mei ‘in karke troch de buorren. Net mei sûpenbrij, mar mei lietsjes. Sjonge! Miskien noch wat CD’s ferkeapje. Hiele brot yn ‘Modestine’  lade (myn ezel op tsjillen, dy’t ik sels foarút traapje moat) en nei Grou. Sit ik graach, moai smûk sintrum. En dan is it mar krekt hoe ofst it besjochst. Of fielst. Is de ûndernimming earst slagge as de omset goed is? Ik besykje it oars te sjen. It is in moaie oanlieding om in ein te fytsen. Goed foar lichem en geast. Krij op ‘e fyts – tuike, tuike traapjend – gauris moaie ideëen. Dan mei ‘k in trije oeren lang yn alle frijheid fan kar moaie lietsjes sjonge. En ek dat is woldiedich foar it persoanlike wolwêzen. Alles wat der bykomt oan muntsjes en ferkeap is dan meinommen.

Ik tref Grou yn ‘e pree-wintersliep. Boatsjefolk is der amper mear. De Grousters hawwe it doarp en benammen de buorren wer foar harren sels. Se nimme de tiid, ek foar de lietsjessjonger. Leden fan ‘e Brassband Apollo komme del, in bugel of bariton yn ‘e hân, ûnderweis nei in spontane aksje foar in nije muzyktinte. Even letter waaie brokjes blaasmuzyk fan it plein ôf de buorren yn. It is even wat rêstiger, dan skarrelje se wer myn kant út. In praatsje, wat muntsjes, in fersyknûmer… Ek in hânfol nije CD’s wikselje fan eigner. It is kâlder at ik ferwachte hie, mar it is goed te dwaan. En op ‘e weromwei brekt ek de echte sinne noch even troch de oplossende wolkens, dy’t de hiele dei as in grize tekken boppen ús hongen.

Dit kin dit jier wol de lêste kear wêze. It sil wol oare maityd wurde, dat ik de strjitte wer opsykje as lietsjesman. Noch in reden om dizze winter dien wurk te meitsjen mei it boek.

Lêste slokje (7 novimber)

Foarige wike hie ‘k in wierskynlik lêste optreden dit jier as ‘lietsjesman’ op ‘e strjitte. De tiid fan spylje tsjin heug & meug yn waar & wyn leit achter my, al witte jo it noait yn dizze finansjele krisisdagen. Der kaam dy sneontemiddei yn Grou oars ek noch wat achterwei. Krekt foardat ik stopje woe waard ik útnoege troch in man, dy’t in skoft nei myn sjongen harke hie. Syn heit, dy’t mear as fyftich jier fan syn libben yn Grou wenne, wie krekt de dei dêrfoar ferstoarn en hie altyd in grut leafhawwer west fan fryske ferskes en akkordeonmuzyk. Oft it ek mooglik wie om by de betinking foarôfgeande oan de kremaasje te spyljen en te sjongen. Dat er my hjir no trof, it wie súver krekt as hie syn heit dit noch regele…

Ik sei ta om te kommen en yn de dagen dêrnei kaam ik fan de bern mear te witten oer de ferstoarne Grouster, dy’t ek graach te farren gie. Dat makke it foar my ek makliker om dêr lietsjes by te sykjen dy’t rjocht dienen oan syn libbensferhaal.

Troch it lêzen fan dat ferhaal en it fertellen letter by de betinking waard  ik even diel fan de yntime sfearen fan in minske dy’t ik dêrfoar net koe. It wie net in libben dat him yn ‘e skynwerpers fan polityk, bedriuwslibben of keunst en kultuer ôfspile hie. Kranten hienen net oer him skreaun en wat er sein of tocht hie wie noait optekene mei de bedoeling om it fêst te lizzen foar neikommende generaasjes. Lykwols wie it in libben mei striid en wrakselingen, mei oarlochsûnderfinings, mei krisistiden en opgeande tiden, mei tiden  fan leafde en tiden fan ferlies. It ferhaal rekke my en it rekke oan it besef, dat der yn elk minske wol in roman ‘sit’. Of in biografy. Wy kinne in folslein tafallich hûs yn in like tafallich plak opsykje en oanbelje. As ús iependien wurdt sille we achter de foardoar in libben oantreffe dat it net minder wurdich is om beskreaun of ferfilme te wurden as dat fan hokker keunstner, politikus of wittenskipper dan ek.

It wie in moaie betinking, dêr yn dat nije krematoarium by Drachten. Omdat de ferstoarne graach in slokje mocht mei in flaubyt, krigen we yn de neisit net inkeld kofje mei cake of kreakeling, mar ek in drankje en bitterballen, tsiis en woarst.

In lêste rûntsje, ús oanbearn troch de ferstoarne.

Filmleafde (13 novimber)

Ofrûne wike in dei út bannichheden brutsen om nei it filmfestival. Ik gean de leste jierren – alle kearen om in oare reden – al net mear foar ‘the full monty’, mei scores fan 12 of mear films yn 4 dagen. No kaam ik op 3 films en krekt safolle finsters op tige útienrinnende wrâlden.

De earste twa films spilen diels yn Parys mar wol mei in tiidsferskil fan hast 250 jier.

We folgen de famylje Mozart. Op harren reis troch Jeropa dogge se ek it keninklike hôf oan yn Parys om dêr it noch sa jonge muzikale topprodukt Wolfgang A. út te suteljen. Mar it ferhaal draait diskear om syn suster Nannerl, like talentearre, mar as frou ôfsnyd fan in bestean as firtuoaze of komponiste. Se bedarret yn de yntrigues fan it hôf en de Roomse tsjerke, dy’t it dêr dan eins foar ’t sizzen hat. Se rekket befreaune mei ien fan de dochters fan de kening, spilet foar ‘postiljon d’amour’ en moat oan it ein ûntdekke dat har libbene freondin op lêst fan de kardinaal troch it religieuze ôffoerputsje – it kleaster – spield is. De film jout in moaie tiidsskildering. It reizgjen sels is bytiden ôfsjen, mar behoeftes as frije en nei’t húske, dêr geane de Mozarts – oars as it sike folkje oan it hof –  frij maklik mei om. Lykwols komt der gjin iepenlike seks yn foar al beweecht der al even wat ûnder it dekbêd fan de âlden, alles yn it bywêzen fan de bern.

Dat is oars yn de twadde film, in leafdesskiednis tusken in jonge man fan Algerijnse komôf en in jonge Iraanske frou, dy’t krekt foar de opstân nei de ferkiezings troch har rike âlden nei Parys stjoerd wurdt. Fia ynternet binne de filmkes fan de opstân en it delslaan spulbrekker yn in ynearsten ‘lichte leafde’, dy’t mear suggerearre as toant wurdt, mei dialogen dêr’t de poëzij fan Baudelaire en Omar Khayyam in rol yn spilet . Mar oan it ein sit der dan dochs wer in filme frijsêne yn, dy’t eins neat tafoeget en foar my as in stylbrek fielde.

De jûns seach ik noch nei ‘Adem’.

In prachtige Belgyske film oer in jonge mei de ‘taaislymsykte’, dy’t aloan mear yn it sikenhûs bedarret. Op syn swalktochten fynt er in famke yn in isolearre keamer, dy’t dêr yn ôfsûndering leit omt se in frij resistinte en tige besmetlike baktearje by har draacht. Se skriuwt har telefoannûmer op it glês fan ‘e doar en sa, fia de telefoan begjinne se inoar aardich te finen en wat foar inoar te betsjutten. Meast prate se mei elkoar elk yn harren eigen bêd yn grappige dialogen dy’t jin benijd meitsje nei hoe’t dit him ûntjaan sil. Ien kear stiet er mei syn mobyl foar har doar en tútsje se inoar mei it glês der tusken, in skitterjend byld, dat my as taskôger tagelyk de romte en de beheining fan dizze leafde fiele lit. Yn al dy úteringen fan de útstelde fisike moeting resonearret de faak sa swiere lêst fan harren deistige bestean mei. Dêr leverje ik de measte iepenlike sekssênes yn hjoeddeiske films mei leafde foar yn, al binne se faak noch sa moai en fernimstich fêstlein.

Sânman & Sikke (21 novimber)

Ofrûne sneontejûn nei de presintaasje west fan de nije CD fan Sânman en Sikke.

Der wie moai wat folk nei Easterein kommen. De lokaasje wie nij foar my. De herberch koe ik wol, mar de ‘teaterseal’ dêrachter hie ‘k noch noait west. Gurbe Douwstra, dy’t de eare krige om it earste eksimplaar útrikt te krijen – altyd handich as jo wat ‘airplay’ ha wolle – fertelde my yn it skoft dat er dêr wol spile hie doe’t de romte noch strak yn it pak siet fan gips- en plafondplaat. De hjoeddeiske útbater hat de sfeer fan ‘e âlde golle wer foar’t ljocht helle, mei in protte waarm hout dat dochs net âlderwetsk oandocht. As pieler en ferbouwer hie ‘k de jûn troch geregeld in eachje op alle hoeken en herntsjes, foarmen en kleuren, technyske problemen en oplossings. Net dat der oars neat te sjen wie. Foar my wie it hearren en sjen nei en fan Sânman & Sikke de earste kear, al hie ‘k wol fan harren heard en der wat oer lêzen. Nettsjinsteande de yndrukwekkende lûdsapparatuur dy’t opsteld stie fergie it hearren en sjen my net. De tige knappe mearstimmige sang fan de sân moaie stimmen, mei simpele gitaar- en perkussy faak effektyf swingend makke, waard ‘akûstysk’ fersterke en it wie in lust om der nei te hearren. It iepeningsnûmer wie in oarspronklike  tekst fan Aggie van der Meer, knap op muzyk set. Dat smakke nei mear. Mar de rest fan it programma wienen covers, meast Ingelstalich. Se binne wol fernimstich arranzjearre en it is ek net in straf om der nei te harkjen. As leafhawwer fan de Commedian Harmonist les ik hjir ek wol brij fan. Mar tusken de arsitektoanyske skôgings en it harkjen nei de muzyk troch frege ik my ôf hokker oerwegings yn sa ’n kar meispylje. Allerearst ha se hjir dúdlik in soad wille oan: it is foar my as sjonger net dreech om mei te fielen hoe’t in genot it wêze moat om dizze muzyk te sjongen. En dy fonk springt ek oer nei it publyk. It binne amateurs yn de wiere sin fan it wurd, al is it muzikale nivo bytiden profesjoneel. Leafhawwers. Dan sprekt it troch de meartaligens ek noch in breder publyk oan as inkeld it frysktalige. Dat, as ik der oer neitink, dan is der in soad foar te sizzen. Dochs soe it moai wêze as se wat faker harren sound ynsette soenen foar oarspronklik frysk wurk. Der binne hjir tekstskriuwers genôch dy’t materiaal leverje kinne dat harren past.

Oan it ein fan it optreden, dat se opfleuren mei grappen en lytse tenielstikjes, skoode Frederike Kleefstra oan, as foarpriuwke fan in wat grutter programma yn tarieding. Dat past goed. Se is ritmysk skerp genôch om sa oan te sluten en it jout wer nije muzikale mooglikheden. En har frysk is ek net min.

Apartemintsje (28 novimber)

It hat my as skriuwer thús hast noait ûntbrutsen oan komfortabele ûnderkommens. Goed ferwaarme en ferljochte romten, foarsjoen fan alle apparaten en helpmiddels, dêr’t skriuwers hjoeddei neist pinne en papier gebrûk fan meitsje. Dochs haw ik de kearn fan alles wat ik oant no ta skreaun ha oan fersen, lieten, teaterteksten en proaza ‘ûnderweis’ skreaun. Net thús. Doe’t de bern lyts wienen lei dat ek wol yn ‘e reden. Dan is it gauris rûzich en gaoatysk en it is net maklik om jin dêr oan te ûntlûken. Want in skriuwer mei it yn syn wurk dan miskien wol o sa goed foar ha mei it minskdom, it skriuwen sels is in frijwat assosjale beuzichheid.

Doe ‘t ik folop yn it skriuwen en spyljen fan teaterfoarstellings rekke, kocht ik in âld simmerhûske op Skylge, helle dat útinoar en sette it achter yn de tún wer yninoar. It waard isolearre, krige ljocht en ferwaarming, waard ynrjochte, de piano kaam dêr te stean en doe hie ik in eigen ‘studio’. Wat koe ik my mear winskje? Dochs brûkte ik dy romte benammen om muzyk te meitsjen, om wyskes út te finen, teksten te oefenjen oant se ‘bekten’, ensfh… It betinken fan in synopsis, it skriuwen fan de earste ferzys fan ‘e teksten, dat die ik dochs bûtenshûs. Op ‘e fyts, op in boatsje, earne útfanhûzjend, faak by famylje yn Grins. En dat is eins noch sa. De bern binne útflein, it nêst is leech, it hûs is grutte parten fan de dei in oase fan rêst. En dochs, as ik by myn ferhaal reitsje wol, as ik yn de stream fan gedachten komme wol, dan moat ik fuort. Sa gau ik de doar achter my ticht doch en nei de bus stap, rin ik de ‘romte’ yn. Dêrfoar is it ien en al inerlike ûnrêst, mar ik sit noch net yn ‘e bus of alles falt fan my ôf, ik krij myn lytse opskriuwboekjes en in pinne en ik bin oant wurk. Twadde ferzys, útwurkje, ferbetterje, einredaksjes, dat is allegear gjin probleem, dat kin ik poerbêst allegear thús dwaan. Mar it útfinen en opbouwen fan foarm en ynhâld, dat wol dêr net goed, dat wol earne oars of ‘ûnderweis’ folle better. By my is it meast Grins, yn ‘e stêd, mei al syn ‘ferlokkings’. Lokaasjes yn stille ôfsûndering binne leau’k oan my net bestege. Dan flean ik nei oardel dei tsjin de muorren op.

Doe’t ik noch in drokke húshâlding achter my liet, fielde it wolris as ‘knypte’ ik der tuskenút. Wêrom dat sa noadich moast, koe ‘k ek net rjocht útlizze, dêr fielde ik my dan wolris wat skuldich oer. Al dat krewearjen levere by eintsjebeslút ek mar amper genôch ynkommen op om der rejaal it stimpel ‘wurk’ op drukke te kinnen.

Ofrûne wike haw ik wer ris foar in dei as fiif nei Grins west. Der wienen even gjin lege romten by de famylje, dat ik ha mar sa dryst west om in ‘appartemintsje’ te hieren. Midden yn ‘e krisis. Wylst Europa om my hinne yninoar klapte wie ik dêr lokkich mei it wurkjen oan myn boek. Oer in man dy’t himsels sokke frivoaliteiten út syn aard wei mar net tastean koe.

reaksjes? b.huisman3@chello.nl En - skriuwer siket lêzers - tip freonen en bekenden oer dizze stikjes.