sjonger & ferteller

Algemien
De measte optredens dy’t ik doch binne ‘solo’. Ik meitsje in kar út myn brede repertoire fan lietsjes en ferhalen. Dêrby rekkenje ik mei de lokaasje, de gelegenheid, it publyk of de groep, de lengte fan it optreden, de tiid fan it jier. En ek mei de romte dy’t der is om de lietsjes in plak te jaan yn langere ferhalen. Ik begelied mysels op akkordeon en piano (dy’t ik sels meinimme kin). Ik wurkje graach akoestys, mar as it nedich is kin ik in  lûdsynstallaasje meinimme.
Neist sa’n algemien programma haw ik ek temaprogramma’s en programma’s tegearre mei Douwe Kootstra –ferhalenferteller (klik foar mear ynformaasje)

Âlderein
Omdat ik in grut repertoire ha fan âlde lietsjes bin ik in wolkomme gast by âldere minsken yn harren ûnderskate libbens- & wensitewaasjes. Sa meitsje ik foarstellings foar âlderein dy‘t noch yn it folle libben stean, mei faak grappige lietsjes en ferhalen. Mar ik kom ek graach by minsken yn in ferpleechhûs. Foar harren sitte sokke lietsjes faak fol mei fleurige en treastrike oantinkens. Ik tref myn harkers yn de seal, yn de tún by in bazar of op in reiske mei in boat. Mar ik sykje se ek op yn de eigen keamers, oan de tafel of it bêd dêr’t se net mear útkomme.

Húskeamerkonserten
In oantreklike mooglikheid foar minsken dy‘t in grut hûs en/of in romme keamer ha. As der dan ek noch in piano of fleugel stiet, wat is der dan moaier as in ‘foarstelling oan hûs’? Kunde, freonen, buorlju útnoegje, in poadiumplak fan in fjouwerkante meter en ik meitsje der in prachtich en yntym optreden fan.

Prizen: In solo-optreden is fan € 165,- ôf, in duo-optreden fan € 450,- ôf ( ex. 6 % BTW en ex. reiskosten). Ik ha de status fan lytse selsstannige, jim krije in rekken mei BTW fan my en der hoecht gjin belesting of preemjes ôfdroegen te wurden.

N.B.: Ik treed net op yn romtes dêr’t smookt wurdt!

Hjir is in lietsje fan myn lêste CD ‘Tusken dream en die ‘: Nim it libben lichter