skriuwer

Yn de jierren ’70 haw ik myn earste skriuwûnderfining opdien en fuortendaliks alle kanten út: it oersetten & werdichtsjen út it Dúts fan koarwurken en it skriuwen fan musicals foar middelbere skoalle-bern –sawol yn it Frysk as it Nederlâns. Doe lietsjes om sels te sjongen, sawol oerset as oarspronklik, poëzij –in bondeltsje yn eigen behear- en ferhalen. Yn it Frysk, om priis & preemje: de Rely-Jorritsma. Yn de jierren tachtich krige ik dy nochris in kearmannich en by eintsjebeslút waard yn 1990 in ferhalenbondel útjûn: De rop fan it wetter.

Doe kaam myn ‘teaterperioade’: ik skreau muzykteaterfoarstellings om sels te spyljen. Mei in literêre ynslach & moaie titels: De sjonger, De skipper, De wite walfisk, Op syk nei Eeltsje, Weemoed & Iroany en –as lêste- De loftfytser. De ôfrûne jierren haw ik in searje bondeltsjes yn eigen behear útjûn mei ferhalen, poëzij en lietteksten.

Sûnt 2007 haw ik de guit: Doe ferskynde de 2-talige fers- & lietebondel mei ynsletten CD: Hûs oan see/Huis aan zee. (lês hjir in fers)

Yn 2008 in bondel biografyske (reis-)ferhalen om de 19e ieuwske dichter & skriuwer Eeltsje Halbertsma hinne: Eeltsje & ik. (lês hjir in fragmint)

Yn 2010 de diels auto-biografyske roman: Lytse histoarje fan langst. (lês hjir in fragmint)

En no wurkje ik oan in biografysk boek oer de Makkumer dichter & foardrager Wibren Altena. Foar de beide lêste boeken krige ik in werkbeurs fan it Fonds voor de letteren. (foar bestellingen: winkel)